Lokoboargemaster: "Ungelok leit net oan ferkearssituaasje"

It slimme ûngelok by de fearboathaven yn Lauwerseach hat warskynlik neat te krijen mei de ferkearssituaasje dêr. Dy is al jierren itselde, seit lokoboargemaster Kor Berghuis fan de gemeente De Marne. It is in ferskriklik ûngelok, mar foar de oarsaak moat dochs earst it plysjeûndersyk ôfwachte wurde, seit Berghuis.
It ûngelok by de fearboathaven hat in twadde slachtoffer easke. It famke fan 9 jier út Grins dat sneintemiddei slim ferwûne rekke by in oanriding, is moandeitejûn ferstoarn. Har heit, in 45-jierrige man út Grins kaam ek om it libben by it ûngelok. In jonkje fan 8 rekke ferwûne. De heit en de bern rûnen op it parkearterrein. Doe't se oerstekke woene, binne se oanriden troch in automobiliste út Haren.
De plysje kin noch net sizze wannear't it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok klear is. De frou dy't achter it stjoer siet, moat noch offisjeel heard wurde, mar sy is te bot oanslein om in ferklearring te jaan.