Huzum jout lêste rêstplak oan minsklike rêsten

© Tsjerke Huzum
Yn Huzum sil op freed 27 oktober in sark ûntbleate wurde ta neitins oan de fiif minsken dy't earder fûn waarden yn de Sixma-grêfkelder yn Huzum Doarp. De stoflike rêsten kamen oan it ljocht doe't de famylje Vossenberg ferline jier in terras achter harren hûs oanlizze woe. By de wurksumheden stuiten se op de grêfkelder.
By it ûntromjen fan de kelder waarden de minsklike oerbliuwselen oantroffen. Ut ûndersyk docht bliken dat it om in Sixma-grêfkelder giet, wêryn't fiif minsken begroeven leine. De stoflike rêsten krije yn oktober harren definitive rêstplak op de aadlike ôfdieling fan it Huzumer tsjerkehôf.