Ambassadeur Jorrit Bergsma yn it spier foar Gondelfeart

22 aug 2017 - 06:20

It is ûngewoan drok yn de strjitten fan Aldeboarn dizze wiken. Oeral dêr't je sjogge binne minsken yn it spier op preammen of by de feart del mei flachjes en lampkes. De tariedings foar de 72ste gondelfeart yn it doarp is in smûk barren. Ja, der wurdt hurd wurke, mar minsken komme elkoar massaal tsjin op strjitte. En dat is goed foar de mienskip yn it doarp, seit foarsitter Johannes Nijdam fan de Gondelfeart. Net alle preamen sjogge der al as in gondel út, mar foar safier Nijdam wit, is it noch nea bard dat in gondel net op tiid ôf wie.

De organisaasje hat dit jier help fan olympysk kampioen Jorrit Bergsma. Bergsma is Boarnster en is de earste ambassadeur fan it feest. Dat betsjut net dat de reedrider frijsteld is fan it oare wurk yn it doarp; moandeitejûn hong hy mei de buert lampkes en flachjes op. Om mei te bouwen oan in gondel ûntbrekt de tiid. It kostet hûnderten oeren om in gondel goed op te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)