Yndonezyske pupil fan âld-prof Ronald Lepez spilet mei Fean

Ald-proffuotballer Ronald Lepez fan SC Hearrenfean en SC Cambuur is op 't heden yn Nederlân mei ien fan syn Yndonezyske pupillen. It giet om de 16-jierrige spiler 'Singo'. Lepez, dy't haad-coach is fan in klup yn Semarang op Java, wol de jonge spiler benammen ûnderfining opdwaan litte. Fierder kin er in foarbyld wêze foar syn teamgenoaten. Ferline wike trainde Singo mei, mei de jeugd fan FC Grins. Dizze wike is er te gast by SC Hearrenfean ûnder de 17. Neffens Lepez is it nivoferskil noch wol grut mei syn leeftiidsgenoaten.