Offisjele KNMI-reinmjitter fan Flylân poater

De offisjele reinmjitter fan it KNMI op Flylân is ferdwûn. Dat meldt Vlieland.nl op Facebook. De mjitter stie yn de tún fan de eardere basiskoalle en wurdt al 26 jier brûkt om it tal millimeters rein te mjitten. Minsken wurde oproppen om út te sjen nei de mjitter en it te melden as dizze earne sjoen wurdt.
Reinmjitter Alie Kikstra-Horjus fan Flylân is ferbjustere. "Dit heb ik in 26 jaar tijd nog nooit meegemaakt. In overleg met de KNMI ga ik morgen waarschijnlijk aangifte doen van diefstal." Lokkich hat Kikstra-Horjus noch in reservemjitter op it eilân. "Dus ik kan gewoon mijn werk blijven doen, maar het is wel erg raar dat de andere meter opeens weg is."
Waarman Gerrit Hiemstra
It nijs dat de Flylanner reinmjitter ferdwûn is, hat ek waarman Gerrit Hiemstra gau berikt. "Ik bin bliid dat frou Kikstra noch in reservemjitter op it eilân hat. Troch hiel Nederlân binne sa'n 325 delslachstasjons. Lokkich binne alle mjitgegevens no dochs noch kompleet en kin it KNMI de korrekte delslachsifers werjaan."