Cambuur net yn berop tsjin skorsing Marvin Peersman

© awfoto.nl
Cambuur hat besletten net yn berop te gean tsjin de straf foar Marvin Peersman. It KNVB skorst de ferdigener foar fjouwer wedstriden wêrfan ien ûnder betingst. De Belch krige yn de wedstriid tsjin Jong Ajax (1-2) de reade kaart nei in hurde oertrêding op Mateo Cassierra. Peersman mist no de wedstriden tsjin De Graafschap, Volendam en Jong FC Utrecht.