Deade en sike einen fûn yn Snitser Wilhelminapark

21 aug 2017 - 15:27

Minsken yn it Wilhelminapark yn Snits wurde warskôge net by de fiver yn it park te kommen en eintsjes te fuorjen. Yn it wetter binne ôfrûne freed deade en sike einen fûn. It is noch net dúdlik wêrtroch de fûgels siik wurde binne. De gemeente Súdwest-Fryslân lit dat ûndersykje. Ut foarsoarch hat de gemeente buorden by it wetter yn it park delset. Dêr stiet op dat minsken it wetter better mije kinne.

Trefwurden: 
ein dea Wilhelminapark Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)