750 nije huzen yn Ljouwert

25 mrt 2003 - 00:00

Op njoggen plakken yn Ljouwert wurde de kommende tsien jier 750 huzen boud. It gemeentebestjoer hat de lokaasjes oanwiisd. De nije huzen komme oan de Archipelwei, yn Bilgaard, Suderbuorren en Goutum-Súd.

Under de namme Drieplus sil de gemeente gearwurkje mei wenningkorporaasjes, boubedriuwen en projektûntwikkelers. Wethâlder Sluiter fierde it kontrakt mei sjampanje en gebak. De earste 200 huzen wurde de kommende twa jier boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)