7,5 miljoen foar toerisme

05 feb 2010 - 11:10

Nederlân en Dútslân stekke 7,5 miljoen euro yn 'e ûntwikkeling fan toerisme yn 'e Eems-Dollardregio. Fryslân falt ek ûnder dat gebiet mei Grinslân, Drinte en trije Dútske regio's. Doel is besteande toeristyske spearpunten te fersterkjen. It giet bygelyks om de Waadeilannen, farrûtes en kultureel erfguod.

It projekt set kommende tongersdei út ein yn Ljouwert.It giet om in inisjatyf fan oerheden, toeristyske organisaasjes en ûnderwiisynstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)