75% hat gordel om yn beboude kom

21 nov 2002 - 00:00

Hast 75 persint fan de autobestjoerders yn de beboude kom brûkt de autogordels. Dat persintaazje wie noch nea earder sa heech. De NHL hat in ûndersyk útfierd yn opdracht fan it ROF, it regionaal orgaan ferkearsfeiligens.

Bûten de beboude kom hat 90 persint de gordel om. Dat persintaazje is net heger wurden. It ROF tinkt dat de resultaten te tankjen binne oan it stranger optreden fan de plysje. Gewoantefoarming spilet lykwols ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)