Bakkerij út Stiens krijt Fear yn de broek foar Frysk

Bakkerij De Groot út Stiens krijt dit jier de Fear yn de broek fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dy priis giet nei in persoan of ynstelling dy't him fertsjinstlik makke hat foar it Frysk. Neffens de ried brûke eigeners Nico en Aeltsje de Groot einliks yn al harren uteringen it Frysk as haadtaal. It giet dan om de kontakten yn de winkel, de teksten dy't dêr hingje en ek om har webside. De ried fynt de bakkerij in foarbyld fan it brûken fan it Frysk yn it deistich libben. De priis wurdt ein dizze moanne útrikt.