Acht Lemster bedriuwen wurde 'Freon fan de huningbij'

© Harry Töben
Om oan de râne fan De Lemmer in oantal bijefolken te behâlden binne acht Lemster bedriuwen 'Freon fan de huningbij' wurden. De bedriuwen hawwe elk in strook grûn oan it Pasveer adoptearre, dêr't blommen plante wurde. Doel is dat bijen en flinters hjir terjochte kinne. De acht bedriuwen hawwe in sponsorkontrakt fan fiif jier tekene, om sa de bijen fan de Lemster ymkers te stypjen.
De helte fan de 8000 fjouwerkante meter grûn oan it Pasveer is yntusken ynsiedde mei blommemingsel. Takom jier kinne nochris acht bedriuwen 'Freon fan de huningbij' wurde en elk 500 fjouwerkante meter grûn adoptearje.