Oanriding op Dammelaan yn Ljouwert: mooglik drank yn it spul

© Robert Jan Boonstra
Op de Dammelaan yn Ljouwert binne sneintemiddei twa auto's yn botsing kaam. De auto's skeaten nei de klap troch de middenberm en kamen op de oare rydbaan te stean. De bestjoerster fan ien fan de auto's moast mei nei it buro foar in blaastest.
Der soe ien persoan ferwûne rekke wêze by de oanriding. Beide auto's binne ôfsleept troch in bergingsbedriuw.