Drokte by de huldiging fan de skûtsjekampioenen

20 aug 2017 - 12:01

De sylwedstriden fan de SKS sitte der foar dit jier alwer op. Freed wie de lêste wedstriid fan dit jier op de Snitser Mar. It skûtsje fan Grou, mei skipper Douwe Visser, waard kampioen yn de heechste klasse fan it skûtsjesilen. Foar dy prestaasje waard de skipper mei syn bemanning sneontejûn huldige yn Grou. Dat waard ien grut feest, mei in soad besikers.

Net allinne foar it Grouster skûtsje wie sneontejûn in soad omtinken, op It Hearrenfean waard ek stilstien by de prestaasjes fan skipper Sytze Brouwer. Yn it skoft fan de wedstriid SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo waard hy op 'e middenstip huldige. Brouwer debutearre dit jier by de SKS en waard twadde mei it Feanster skûtsje.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)