Ravaazje op rotonde Drachten: man rydt rjochttroch

© Srfotografie
In ravaazje sneontenacht op de Folgeraleane yn Drachten. Om twa oere hinne skeat in man mei syn auto rjochttroch op de rotonde dêr en knalde ûnder oaren tsjin in beam. De man is troch personiel fan de ambulânse kontrolearre, mar hy hat neat oan de botsing oerhâlden.
Troch de klap rekke de auto wol swier skansearre, dy is troch in berger ophelle. De krekte oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. De man soe tefolle dronken hawwe en is meinaam nei it plysjeburo.