Lieuwe Westra wint de dernykoers yn Hallum

Lieuwe Westra hat sneon de ynternasjonale dernykoers yn it sintrum fan Hallum wûn. Yn de lêste ronde demarearre hy tegearre mei reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean en âld-Hallumer, dy't twadde waard. Tredde waard shorttracker Sjinkie Knegt. Dizze dermykoers wie in ûnderdiel fan it 30e NK skeelerjen yn Hallum. Better bekend as de Bartlehiem-skeelertocht.
Lieuwe Westra sil him de kommende wiken noch wer talizze op it riden fan hurdfytswedstriden, ûnder oare de Omloop fan De Trynwâlden.