Reedriders witte simmeriis Alvestêdehal Ljouwert te finen

De Alvestêdehal yn Ljouwert is wer iepen foar de reedrydleafhawwers. En net allinnich de leafhawwers, want ek profesjonele ploegen hawwe it paad nei Ljouwert fûn. Freedtejûn waard it nije iisseizoen iepene mei de CENNED-ploech dy't aktyf is yn de maratonkompetysje mei ûnder oaren de Ljouwerter reedrydster Ankie Ytsma. Sy traine no yn Ljouwert.
Foar Ytsma wie it nei ien kear yn juny op it iis fan Thialf Hearrenfean wer de earste kear op it iis en dat fielde goed. "Het is wel weer even wennen na een periode zonder ijs, maar het is wel weer heel gaaf om op het ijs te staan. Dit is waar je het voor doet", sa sei Ytsma.