IFKS: "Skûtsjesilers binne goede gasten op wetter en wâl"

© Omrop Fryslân, Andor Faber
Foarsitter Sicko Heldoorn fan de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) hat freedtejûn by de iepening fan de IFKS yn Hylpen mei klam de oprop dien om mei respekt om te gean mei de gastfrijheid fan de stêden en doarpen dêr't de sylwedstriden plakhawwe. Skûtsjesilers binne net allinnich goede gasten op it wetter, ek op de wâl hearre se har goed te hâlden, is it boadskip dat de IFKS meijout oan silers, bemanningen en oare belangstellenden.
Sneon fynt de earste wedstriid plak op de Iselmar by Hylpen. Op de earste dei wurdt fuort in aardige pûst wyn ferwachte. Omrop Fryslân docht wiidweidich ferslach fan de IFKS-wedstriden op radio, tv en ynternet.