Fertochte fan stekpartij It Hearrenfean bliuwt fêstsitten

18 aug 2017 - 15:20

De fertochte fan de deadlike stekpartij op It Hearrenfean bliuwt 14 dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissarris freedtemiddei bepaald. By de stekpartij kaam tiisdeitejûn in 60-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean om it libben. Syn 29-jierrige soan rekke ferwûne.

De 30-jierrige fertochte koe direkt nei de stekpartij oanhâlden wurde. De plysje tinkt dat slachtoffers en fertochte elkoar net koenen. Oer de reden fan de stekpartij kin de plysje noch neat sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)