Trije ton foar grienere Stadslaan yn Drylts

© Google-maps
De gemeente Súdwest-Fryslân wol mear as trije ton útjaan om de Stadslaan yn Drylts op 'e nij yn te rjochtsjen. De dyk moat in oar profyl krije. Sa moatte de beammen werom komme en wurde der parkearfakken en blombakken oanlein. De Stadslaan hat bot te lijen hân fan it delheljen fan 15 grutte esken. Dizze wiene in gefaar foar de omjouwing. Troch de oanlis fan riolearing wiene de woartels fan de beammen sa bot oantaaste dat de situaasje alle jierren minder waard. Twa jier lyn waaide der noch in beam op in auto. De Dryltsers sels hawwe op twa ynformaasjejûnen keazen foar de griene ynrjochting.
"It doel is om de Stêdsleane wer de alluere te jaan dy't by Drylts past", seit wethâlder Durk Stoker. "Dêr wurkje wy graach oan mei, hielendal no't de stêd it kommende jier it 750-jierrich bestean fiert." De werynrjochting fan de strjitte moat yn it foarjier fan 2018 klear wêze. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean mei de plannen en de finansjele útjeftes.