Sintrale As krijt landmark yn de foarm fan in toer

De Sintrale As krijt in útkyktoer as tredde landmark. It herkenningspunt komt oan de Goddeleaze Singel by Feanwâlden te stean, flakby attraksjepark Sanjesfertier. It idee fan de toer komt fan de buertwenners en is útwurke yn gearwurking mei de meiwurkers fan de Sintrale As. De toer is 7,5 meter heech en wurdt pleatst op in terp fan 1,5 meter heech. Dêrmei hawwe besikers in prachtig útsicht oer it nije natuergebiet by De Falom en oan de oare kant oer de Sintrale As en it spoar nei Ljouwert.
Neffens Ben Boersma, omjouwingsmanager by de Sintrale As, binne de minsken yn de buert tige te sprekken oer it einresultaat. "We hebben tot nu toe goede reacties gekregen. Het plan leidt tot grote tevredenheid."
Earder waard der al in keunstwurk fan in BM'er pleatst by Burgum. Ek wurdt der wurke oan in bastion by Dokkum.