De rêders fan it Waad

19 aug 2017 - 14:30

It wurdt hieltyd drokker op it Waad. Boatsjefarders witte it Kultureel Wrâlderfguod goed te finen. Ek de beropsfeart is in soad te finen op it Waad. Fiskers, mar ek transportskippen dy't nei de havens farre. De KNRM spilet in wichtige rol by de feiligens op it Waad. Se komme ferskate kearen yn aksje om minsken te rêden út gefaarlike sitewaasjes en somtiden noch slimmer.

It KNRM-stasjon yn Harns hat it benammen yn de simmer drok. De measte wettertoeristen komme goed taret op it Waad, mar dochs moatte de meiwurkers, hast allegear frijwilligers, sa'n 30 kear derop út om minsken te helpen dy't op sânplaten fêstrinne of somtiden op de Pollendam, de strekdaam dy't foar Harns leit en de slink oantsjut. Dat binne dan faak de minsken dy't sûnder goede wetterkaarten of apparatuer ûnderweis binne.

Ek komme se yn aksje as der ûngelokken barre oan board fan bygelyks de 'brune sylfloat'. Sa wiene der ferline jier twa skippen dêr't de mêsten fan brutsen. Ien dêrfan wie mei deadlike ôfrin. Doe wie der neat mear oan te rêden. Mar in pear wike dêrfoar wie der in oar ûngelok. De KNRM fan Harns moast doe wol yn aksje komme. Dat binne dan wol hektyske mominten fertelle de rêders.

Slimme ûngelokken

De Dakotaramp makke de measte yndruk op de KNRM-rêders. Yn septimber 1996 stoarte in Dakota del by Teksel. Tsientallen amtners út Noard-Hollân kamen dêrby om it libben. Trije minsken fan stasjon Harns wiene belutsen by de rêdingsoperaasje. Dat wie swier. Al gau wie dúdlik dat der net ien it ûngelok oerlibbe hie. Uteinlik kaam it del op it oprêden fan brokstikken en de lichems fan de omkommen passazjiers út it wrakstik helje.

In oar ûngelok wie dat fan twa manlju en in lyts bern. De mannen giene te fiskjen, mar it skip sloech om. Ek dêr wiene de rêders út Harns belutsen by de syktocht nei it skip. De bylden fan doe binne dreech te ferjitten.

Kammeraatskip

De rêdingen en oare saken dy't de ploech meimakket, soargje foar in grutte kammeraatskip tusken de meiwurkers. Se prate in protte mei mekoar en ferwurkje op dy wize de meast slimme dingen dy't se meimakke hawwe. 
De measte KNRM-ers hawwe ek in grutte bining mei wetter en it Waad. It wurk by de KNRM is tankber wurk fine se. De measten bliuwe ek sa lang as it kin wurkjen op de skippen. Guon wurkje al 30 of 40 jier op it stasjon Harns. 

De oefeningen fan de KNRM yn Harns wurde alle tiisdeitejûns dien. Dan wurdt der oefene mei drinkelingen, oerstappe fan boat nei boat mei grutte snelheid farrende boaten en ek blyndearre farre. De rêdingen en wat betsjutte kinne foar minsken op it wetter is de grutte driuwfear fan de rêders, mar ek it farren en ien wêzen mei de see is fan grut belang foar de benammen manlju. "Toys for  the boys" is in útdrukking dy't dêr wol by past. Der binne mar in pear froulju aktyf op it stasjon Harns. Dêr binne se tige wiis mei. As der froulju binne dy't it ek wat liket, dan binne se fan herte wolkom.

'De rêders fan it Waad' is de sânde ôflevering fan de simmerrige "Ferhalen fan it Waad", alle sneinen yn Buro de Vries en ek beskikber as podcast.

Trefwurden: 
Waad rêders Buro de Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)