Spannende finale op Snitser Mar: wa wurdt SKS kampioen?

18 aug 2017 - 13:30

Trije skûtsjes kinne noch kampioen wurde yn de slotwedstriid op de Snitser Mar. Grou stiet der it bêste foar, mei in foarsprong fan trije punten. Hearrenfean stiet twadde, mar hat it foardiel dat se eins gjin minne wedstriid fearn ha. En Snits makket ek noch kâns op de titel, al is dy kâns mar lyts. De Snitsers lizze 7,9 punten achter.

Akkrum hat definityf gjin kâns mear om kampioen te wurden nei't de sylried fan de SKS it heger berop fan it skûtsje fan Akkrum ôfwiisd hat.

Rekkenje

Trochdat de Grousters by Wâldsein bûten eigen skuld om mei averij fan it wetter ôf moasten, krije se foar dy wedstriid it gemiddeld oantal punten fan de oare wedstriden. Dat betsjut dat foar Grou de slotwedstriid relatyf swierder meitelt as foar de oaren. 

Oflûkresultaat

Alle skûtsjes meie foar it klassemint de minste wedstriid ôflûke fan it totaal. Grou hat as maksimum alve punten stean, Hearrenfean hat der nea mear as seis helle. Hearrenfean kin der freed dus noait mear as seis punten by krije, omdat se alles dêrboppe ôflûke meie. Grou kin der maksimaal alve punten by krije. 

Wannear wurdt Grou kampioen?

As de Grousters freed by de earste trije finishe, binne se kampioen. 

Wat no as Grou net by de earste trije sit?

As Grou net by de earste trije sit, kin Hearrenfean kampioen wurde. Mar dan moatte se wol earder finishe as Grou, mei minimaal twa skippen der tusken. 

Dus: wurdt Grou fjirde, dan moat Hearrenfean earste wurde om kampioen te wurden. Wurdt Grou fyfde, dan moat Hearrenfean by de bêste twa sitte, en wurdt Grou achtste, dan moat Hearrenfean by de bêste fiif sitte om kampioen te wurden.

As Grou leger einiget as achtste, wurdt Hearrenfean kampioen. Dat komt omdat Hearrenfean net mear as seis punten krije kin op de Snitser Mar. As se fierder achteroan einigje, lûke se dy punten gewoan ôf.

En Snits dan?

Snits hat ek noch in lytse kâns op it kampioenskip. Dan moat alles wol goed falle foar skipper Douwe Visser en syn bemanning. Snits moat earste wurde. Hearrenfean moat seisde wurde (of dêr achter sitte), en Grou moat njoggende wurde (of dêr achter sitte). Foar Douwe Visser soe de tsiende kear wêze dat er kampioen wurdt.

De slotwedstriid fan de SKS begjint om 14:00 oere, en wurdt live útstjoerd op www.omropfryslan.nl.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)