12 prosint fan Ljouwerter bern groeit op yn bystânsgesin

© Omrop Fryslân
Sa'n 12 prosint fan de bern yn Ljouwert groeit op yn in bystânsgesin. Dat docht bliken út nije sifers fan it CBS. Hjirmei stiet Ljouwert net yn de top 5. Yn Rotterdam, Heerlen, Grins en Amsterdam binne de heechste persintaazjes te finen. Sa wennet yn Rotterdam 17 prosint fan de bern yn in útkearingsgesin.
It tal bern dat grut wurdt yn in bystânsomjouwing is sûnt 2012 allinnich mar omheech gien. Yn 2016 wennen der lanlik sjoen sa'n 230.000 bern yn in bystânsgesin. Benammen bern mei in Syryske of Eritreeske eftergrûn wurde hieltyd faker grut yn in bystânsomjouwing.