Betize man bellet meardere kearen 112

© Omrop Fryslân
De plysje yn Harns hat tongersdeitemiddei in 34-jierrige man út Veenendaal oanhâlden nei't er ferskate kearen it neednûmer 112 belle hie. De telefoantsjes kamen tongersdeitemiddei binnen, wêrnei't de plysje de lokaasje fan de man achterhelje koe. Doe't se him oansprutsen op syn gedrach, makke er in betize yndruk. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.