Ljouwert op plak 13 fan leukste studintestêden

De Prinsetún yn Ljouwert © Meteo Nederland
Ljouwert stiet op plak 13 fan de leukste studintestêden. Dat docht bliken út ûndersyk fan it tydskrift Elsevier. Op it earste plak stiet Grins, folge troch Nijmegen en Utrecht. De ûnderfrege Ljouwerter studinten wiene tige te sprekken oer de hoareka en kultuer yn 'e stêd. De kroegen en kulturele foarsjennings krigen fjouwer fan de fiif stjerren. It oardiel oer de studintekeamers foel wat leger út. De beskikberheid fan studintekeamers skoarde in 3,7 en de betelberheid krige 3,6 fan de 5 punten.