Wrâldkampioenskip Frysk damjen yn 2018

Tredde fan links de lettere winner Teake Kooistra © WFD
Yn 2018 sil it earste wrâldkampioenskip Frysk damjen organisearre wurde. Fan 3 oant en mei 10 augustus sille dammers stride om de wrâldtitel yn it stêdhûs fan Ljouwert. It WK makket dêrmei diel út fan de sporteveneminten fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Fan oktober ôf wurdt in rige ynternasjonale kwalifikaasjetoernoaien hâlden.
Frysk damjen wurdt ynternasjonaal tige wurdearre fanwege har kompleksiteit, djipgravend einspul en lytse remisemarzje. Der is no ek in fergese app, om elkenien yn de kunde komme te litten mei damjen Frysk spul.