Blog: Bedankt!

07 jun 2012 - 12:26

Werom siket in Fries it lok yn Sweden? Mei dy fraach reizigen wy oardel wike lyn ôf. It antwurd is net yn ien sin op te skriuwen. Der is in ferskaat oan redenen: de leafde, it wurk, de natoer, de romte, de rêst, it avontoer of in bettere takomst foar de bern. Wa't emigrearret docht dat mei in dream. Sa'n dream kin út komme, tsjin falle of hiel oars út pakke as tocht. We binne tidens ús rûnreis alle senario's tsjin kommen. Oeral binne we hertlik ûntfongen en naam men de tiid har ferhaal te fertellen.

Famylje Rijpma, Nynke Post, famylje Bierma, Monika Mulder, famylje Hoekstra, famylje Wassenaar, Thea Hopma, famylje van Wolveren, famylje Zuidema, famylje Scheffer, famylje de Boer, Siebren de Boer, famylje Buijs, Wouter, famylje Dol, famylje Liethof en de famylje Jellema, bedankt foar jim waarme wolkom en iepenheid. Bedankt dat we even oer jim skouder mei sjen mochten.

Fan al dizze ferhalen meitsje wy in rige programma's. Dizze wurde fan snein 1 july ôf útstjoerd yn it radioprogramma Buro de Vries, tusken 12:00 en 13:00 oere. Ynkoarten sille we hjir in útstjoerdskema pleatse. We winskje jim allegear in moaie simmer en oant sjen!

Sippy en Aukje

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)