Beswierskrift fan BetterAs

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan BetterAs sil sa gau as mooglik in beswierskrift yntsjinje by de provinsje Fryslân. Dat litte se witte yn in nijsbrief. De fraach dêrby oan de kommisje is oft it beslút dat provinsjale steaten yn maaie nommen hat, om in boargerinisjatyf foar in goedkeapere Sintrale As net op de aginda te setten, korrekt is. Mocht de útslach geunstich wêze foar de inisjatyfnimmers fan BetterAs, dan soe it dochs wer op de aginda komme fan provinsjale steaten. De Sintrale As giet fan Nyegea nei Dokkum.