Praktykskoalle yn de prizen

Website OSG Sevenwolden © Omrop Fryslân
Praktykskoalle De Compagnie op It Hearrenfean hat woansdei in twadde priis wûn yn de striid om de bêste praktykskoalle fan Nederlân. It gie om de saneamde 'Gouden schoolbank' priis. De skoalle, ûnderdiel fan OSG Sevenwolden, moast allinnich in skoalle út Gouda foargean litte.
Yn totaal diene 65 skoallen mei oan de wedstryd. It wie de earste kear dat de praktykskoalle fan It Hearrenfean meidie en se ha tûzen euro wûn.