Sluting Frjentsjerter skoalle

06 jun 2012 - 11:02

Op it plan om de Kleyenburgskoalle yn Frjentsjer te sluten is ferbjustere reagearre. De âlderried en de meisizzenskipsried sizze "oerrompele" te wêzen. Neffens it plan moat de iepenbiere Kleyenburgskoalle mei De Korendrager en de Fûgelflecht ûnderbrocht wurde yn in nij te bouwen multyfunksjoneel sintrum yn Frjentsjer.

Dat sintrum, dêr't net dúdlik fan is wêr't it komme moat, soe 2,5 miljoen kostje moatte. De gemeente Frjentsjerteradiel stipet ûnderwiisorganisaasje Radius.

De MR fan de Kleyenburgskoalle wiist de plannen ôf en wol it hjoeddeistige gebou hâlde. Dat gebou moat dan wol renovearre wurde. Dy kosten soenen op sawat 350.000 euro komme. Mei aksjes besiket de skoalle de gemeente te oerstûgjen om net mei it plan fan Radius yn te stimmen, mar wethâlder Joke Osinga jout gjin romte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)