Venus skoot foar de sinne del

06 jun 2012 - 10:26

In groepke leafhawwers fan astronomy hat it woansdeitemoarn mei it bleate each sjen kind: Venus dy't foar de sinne delgie. De folksstjerrewacht fan Burgum hie in spesjaal Venusmoarnsbrochje op de seedyk by Lauwerseach organisearre. Om't dêr it bêste plak wie om der wat fan te sjen.

Krekt nei de opkomst fan de sinne seach de groep in lyts swart stipke. Wylst de ferwachting wie dat it waar te min wie om der wat fan te sjen. De earstfolgjende kear dat Venus foar de sinne delskoot is oer goed hûndert jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)