Blog: Ugerups Säteri

05 jun 2012 - 22:00

Säteri betsjút 'landgoed'. De buorkerij fan Klaas Ane Jellema en Jacomien Haytema is dan ek net in gewoane pleats. Komst oanriden oer in leane mei oan beide kanten beammen. Oan de ein sjochst in kast fan in hûs (40 by 9 meter en dat trije ferdjippings) Fjouwer wite pilaren en dêrtusken in dûbele trep dy't nei de foardoar liedt. Oan de achterkant in bordes mei prachtich útsjoch op de landerijen. It totale opperflak fan dit, sis mar bûten, is 150 hektare. Op it hiem kin in frachtwein mei oanhinger maklik keare. Grutte skuorren mei muorren fan in meter dik dy't makke binne fan keien.

It âldste part fan it hûs stamt wierskynlik út de 12 ieu. Yn de rin fan de tiid is it nedige oan it gebou feroare en is it grutter wurden. Jacomien en Klaas Ane besykje yn it hûs safolle mooglik de âlde eleminten te behâlden. Sa stadich oan wurdt alles renovearre/restaurearre. Se binne der seis jier lyn mei begûn en sille noch seker 10 jier foarút kinne.

It is in hûs mei bysûndere en geheimsinnige eleminten, lykas de ekstra trep dy't ferburgen fan de kelder nei de twadde ferdjipping giet. Of it âlde fornús en de oven yn de kelder. De enorme kisten út de 19e ieu op solder, de bysûndere houten flier yn de wenkeamer, de monumintale tegelkachel en de grutte donkere bôgen dêr't net dúdlik fan is wêr't se eartiids stien ha of wêr't se foar tsjinnen. En gean sa mar troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)