Blog: Buorkje op in âld bûten

Klaas Ane Jellema en Jacomien Haytema hienen in pleats by Rotstergaast. Se molken 60 kij en koenen net ûndernimme sa't sy dat graach woenen. Fjouwer jier ha se om har hinne sjoen foar't Ugerups Säteri op har paad kaam. In bûten mei mooglikheden.
Seis jier lyn kamen se nei Gärds Köpinge mei har fjouwer bern: Allard, Sybrenne, Carsten en Bernice. Op it stuit wurdt der in nije stâl by boud, mei seis melkrobots en plak foar 450 kij. Fierder stean hjir ek 19 hynders; 10 Friezen en 9 KWPN 'ers. Jacomien soe net sûnder har Friezen kinne.
It is hjir tige droech, Klaas Ane fertelt dat it net saak is oft se bereine moatte, mar wannear en hoe lang.
Wy sliepe jûn foar it lêst yn Sweden. Diskear yn in appartemint njonken de droege kij. Se ferwachtsje noch keallerij fannacht, dus wa wit moat we noch yn it spier.