Nêsten mûzebiters fernield

05 jun 2012 - 10:14

By De Jouwer binne de lêste wiken meardere nêsten fan mûzebiters fernield. Ofrûne freed helle de plysje in deade mûzebiter út in beam by de Zwettepoel. De fûgel is neffens de plysje dea gien nei it iten fan fergiftige aas. Op oare plakken yn en om De Jouwer binne nêsten fan mûzebiters fernield, bygelyks mei lange stokken. Yn ien gefal waard in beam omseage en waarden de jongen út it nêst helle.

De plysje wol takom jier ekstra tafersjoch hâlde by de nêsten, ûnder oare troch kamera-bewaking.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)