Fryslân kleuret oranje

05 jun 2012 - 10:07

Yn Fryslân rint de Oranjekoarts ek stadichoan op. Yn strjitten ferskine hieltyd mear oranje flachjes en ek wurde hjir en dêr saken mei de oranje ferfkwaste bewurke. Sa krige Us Mem yn Ljouwert in oranje jaar en waard by in garaazje yn Drylts in auto yn de oranje kleur oerspuite.

De Fryske ûndernimmers binne der al hielendal klear foar. Freed begjint it EK-fuotbal yn Poalen en Oekraïne. Mei tal fan gekke oranjeprodukten en -aksjes hopet it Fryske bedriuwslibben der ek wat oan te fertsjinjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)