Metalfinish Snits hast fallyt

It bedriuw Metalfinish yn Snits hat it fallisemint oanfrege. It fabryk der't ek de bedriuwen Fisher Edelstaal en Eurofinish ûnder falle is spesjaliseaerre yn de masinale bewurking fan rustfrij stiel. It bedriuw hat net genôch wurkkapitaal en is dêrtroch yn de finansjele problemen kaam.
Der wurkje goed 40 minsken by de metaalgroep. Se wurde moandeitejûn yn Snits bypraat oer de ûntstiene situaasje troch fakbûnsbestjoerder Johan Weijenberg fan fakbûn FNV Bondgenoten.