Blog: Sweve tusken Fryslân en Sweden

04 jun 2012 - 10:39

Ek de famylje Buijs kin Sweden fan har fakânsjes. Rom 6 jier lyn kochten se in simmerhûs yn it gehucht by Sävsjö. Attje wurke yn de gehendikeptesoarch en Marinus wie jurist. Troch it loslitten fan syn netflues koe hy syn wurk net mear goed dwaan. Boppedat wie hy ta oan rêst. Sadwaande besluten se te ferhuzjen nei Sweden foar in bepaalde tiid.

Soan Wouter - dy't in oplieding yn it toerisme die - seach it ek wol sitten, benammen doe't der in kamping yn Sävsjö te keap wie. Yntusken hat Wouter in gesin mei trije bern en hat hy mei syn âlden de kamping. Dochter Ruth en har man Arjen wienen ek ta oan in nij avontoer. Binnen in pear moanne hienen sy de stap ek set doe't Arjen wurk krije koe as kok yn in hotel.

Attje is maatskiplik tige aktyf. Se sit yn in organisaasjes foar toerisme en is dwaande har eigen stoffearderij op te setten. Marinus is yntusken wer in soad yn Fryslân te finen. Ynkoarten wurdt hy advokaat op It Hearrenfean en ynvestearret minder yn syn sosjale Sweedske libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)