Fertochte oanhâlden foar fernielings op begraafplak Harns

Ien fan de fernielde grêven © Facebook, Politie Noordwest Fryslân
De plysje hat in 52-jierrige man oanhâlden, dy't der fan fertocht wurdt dat hy fernielings oanrjochte hat op it algemiene begraafplak yn Harns. Dat wie op 17 july. Fan meardere grêven waarden koperen stekjes en oar koperwurk stellen. It guod wie mei grof geweld losskuord, sadat der skea oan grêven en grêfstiennen ûntstie. De man ûntkent dat hy it dien hat, mar it stellen guod waard wol by him oantroffen. Behalve dat fûn de plysje ek oar guod by him, dat ôfkomstich wie fan oare stellerij, lykas ark en in fyts.