Jagers meie gjin lokmiddels mear brûke

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Jagers meie gjin lokmiddels mear brûke foar de jacht op de foks, houtdo, knyn, Kanadeeske goes, swarte krie en ka. Dat binne soarten dy't op de saneamde lânlike frijstellingslist stean dêr't it hiele jier op jage wurde mei. Sûnt begjin dit jier wurdt ien en oar regele yn de nije natoerbeskermingswet. En dêr yn stiet dat je yn dit soarte gefallen gjin loklûden en -fûgels mear brûke meie.
Neffens de jagers giet it ministearje fan Ekonomyske Saken hjir te strang mei om. Dat sizze sy neidat sy hjir woansdei in petear oer hienen op it ministearje. Der wurde loklûden of keunstfûgels ynsetten foar de skeabestriding en sûnder dizze helpmiddels kin de skea minder goed bestriden wurde, is harren argumint. Sy ferwachtsje dat hjirtroch de lânbouskea tanimme sil.