249 hurdriders op 'e bon slingere op Skylge
By in snelheidskontrôle op Skylge hat de plysje yn twa dagen tiid mar leafst 249 automobilisten op de bon slingere foar te hurd riden. De rapste oertreder ried 81 kilometer yn 'e oere, dêr't 50 kilometer de maksimale snelheid wie. Yn totaal waarden 4310 automobilisten kontrolearre.