Brânwacht regelet snie foar lêste winsk frou Van Aarem

De brânwacht fan It Hearrenfean hat tongersdeitemoarn foar snie soarge by fersoargingstehús Coornhertstate op It Hearrenfean. It wie de lêste winsk fan de 104 jierrige frou Van Aarem. Frou Van Aarem is hast blyn, mar yn-wite snie soarget der foar dat se wer wat sjen kin. It giet net sa goed mei frou Van Aarem. It persoaniel fan Coornhertstate hat dêrom gau regele dat har lêste winsk yn ferfulling gean koe.
It idee wie earst om nei in ski-sintrum te gean. Mar dat fûnen frijwillichster Hilda Glas en fersoarchster Mariska van Beek wat tefolle foar de frou. Dêrom hawwe se de brânwacht belle. Dy wie fuortendaliks entûsjast en hat tastimming frege fan de gemeente. Neffens Van Beek hat frou Van Aarem genietsje kind. "Se seach hieltyd op nei de loft en sei sa no en dan 'oeh' en 'aah'. Dat dochst ús sa goed. Dat is de reden wêrom't jo yn de soarch wurkje wolle."