Cambuur hat sin oan de kompetysje

Nei in tariedingsperioade fan goed sân wiken binne sawol de technyske stêf as de spilers fan Cambuur ta oan it begjin fan de kompetysje. Cambuur iepenet it seizoen 2017/2018 yn eigen hûs tsjin Jong Ajax. Dat dogge de Ljouwerters mei in seleksje dy't noch net folslein is. Cambuur siket noch in spits, in middenfjilder en in rjochtsback.
Ofrûne wike is Issa Kallon oanlutsen. In rappe rjochterspits, dy't ôfkomstich is fan FC Utrecht. Hy spile ferline jier op hierbasis by FC Emmen. Kallon hat in kontrakt foar twa seizoenen tekene. De Switserske spits Karim Rossi is noch altyd op proef by Cambuur. Yn de rin fan nije wike wurdt besjoen oft hy yn oanmerking komt foar in kontrakt.
Cambuur begjint tsjin Jong Ajax yn deselde opstelling as ferline wike yn de oefenwedstriid tsjin Helmond Sport. Opstelling Cambuur: Bertrams; Peersman, Steenvoorden, Schilder, El Baad; Schils, Kip, Boerlage; Daniëls, Barto, Mathieu.