Negatyf swimadvys foar swimplak De Kuilart opheft
Swimmers kinne wer in dûk nimme yn it wetter by swimlokaasje De Kuilart yn Koudum. It negative swimadvys fan earder dizze wike is opheft. Dat wie ynsteld omdat de kâns om sûnensklachten op te rinnen grut wie fanwege it hege oantal baktearjes. It gehalte is no wer binnen de norm en dêrom kin der wer swommen wurde.