Nije fytsestalling by stasjon Ljouwert hast klear

De nije fytsestalling by it Ljouwerter stasjon is fierwei hinne klear. De saneamde ruwbou is ôf; no moatte de ferljochting, de automatisearring en de ôfwurking noch plakfine. Nei alle gedachten soe it wurk ein oktober klear wêze moatte. Dan kinne minsken harren fyts dêr kwyt.
Mei de nije fytsestalling wurdt de kapasiteit ferdûbele fan 1500 nei 3000 fytsen. Dat duorret lykwols noch efkes, want de âlde stalling wurdt earst noch opknapt. Al it wurk moat foar 2018 klear wêze.