Brânwacht yn aksje by brân oan de Jol op De Jouwer

© BTBfotografie
By in brân oan de Jol op De Jouwer binne tongersdeitemoarn ferskate huzen skansearre rekke. Yn in achtertún rekken beammen yn de brân en de flammen drigen oer te slaan nei de wenningen. Mei man en macht hat de brânwacht dwaande west om dat foar te kommen. Dat slagge úteinlik, mar wol rekken de hûzen skansearre. Hoe grut de skea krekt is, is noch net dúdlik. Ek is noch net bekend hoe't de brân ûntstean koe.