Fertochte stekpartij wie gjin bekende fan slachtoffers

17 aug 2017 - 10:49

De fertochte fan de stekpartij, tiisdeitejûn op It Hearrenfean, wie gjin bekende fan de slachtoffers. Dy konklúzje lûkt de plysje op grûn fan it ûndersyk oant no ta. By de stekpartij kaam in 60-jierrige man fan It Hearrenfean om it libben, syn 29-jierrige soan rekke ferwûne. De soan waard opnaam yn it sikehûs en leit dêr noch hieltyd. 

De 30-jierrige fertochte, dy't direkt nei de stekpartij oppakt wurde koe, wurdt freed foarlaat. De rjochter-kommissaris bepaalt dan oft er langer fêstsitten bliuwt. Fanwege it ûndersyk wurdt der tongersdei noch seksje dien op it lichem fan it deadlik slachtoffer. De plysje hat noch gjin idee wat de oanlieding fan de stekpartij is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)