Hieltyd minder Friezen yn de WW

© ANP
It oantal Friezen dat yn de WW sit nimt noch hieltyd ôf. Dat docht bliken út sifers fan it UWV fan de moanne july. Troch it oanhâlde ekonomyske herstel ferlieze hieltyd minder minsken harren baan en fine wurkleazen faker nij wurk. Utsûndering is it ûnderwiis, dêr't it tal minsken yn de WW yn july wol omheech gong. Dat hat te krijen mei it ein fan it skoaljier. Nettsjinsteande dizze stiging fan de wurkleazens, is de kâns op in baan yn it ûnderwiis lykwols tanaam. Skoallen binne benammen op syk nei dosinten foar de eksakte fakken lykas technyk en ICT.
Ein july sieten 14.753 Friezen yn de WW. Dat is 4,4 prosint fan de beropsbefolking.