Kollum: "Bûten"

It is in suterige simmer. Sa noflik en gemoedlik as it yn juny wie, sa is it al wiken net mear. It waar sit op slot, sei it KNMI. Ferskriklik hjit yn Súd-Europa, en suterich yn Noard-Europa, al in hiel skoft. De minsken dy’t noch op fakânsje gean, seure der oer. En de minsken dy’t krekt werom binne noch folle mear.
My hinderet it earlik sein net sa. Want tritich graden hoecht fan my net, en jo kinne no meastentiids ek wol yn it t-shirt nei bûten. En ik fyn it waar net iens sa min. Ik ha echt wol in kleurke en sit ek in soad bûten. Kin best. Ast it in bytsje goed útmikst.
Ik bin freelancer en dat hat wat neidielen, mar it hat ek sa syn foardielen. Wannear’t it in kear al wat moaier waar is, dan kin ik soms maklik mysels in middei frij jaan. Ik fyn waarberjochten leuk en wannear’t se moai waar foarsizze dan wurkje ik even foarút. Of plan in ôfspraak nei in oar momint. Sadat ik al even nei bûten kin. In bytsje meibewege mei it waar en de natuer. Fyn ik leuk, en dan is it prima te dwaan hjir in Nederlân.
Dat sit net sa yn it systeem fan in soad minsken hjir om my hinne. En ik snap wol dat it wurk fan elkenien him hjir net foar lient, mar ek oare freelancers nimme nuvere besluten. In maat fan my woe wol in lekker brún tintsje ha. Giet er foar nei in sinnestudio. Ik betrape him der sels in kear op dat hy dat die op in sinnige dei. ‘Lekker rêstich’, sei er.
Of in oar, dy’t der graach in bytsje gespierd útsjen woe. Giet er foar nei de sportskoalle. Doe seachen we in pear mannen dy’t in bousteiger oan it ôfbrekken wiene, en ik sei: 'Dat kinst ek dwaan om spieren te krijen. Dan hast der teminsten wat oan.' Ja nee, dat wie no ek wer net de bedoeling.
In hiel oare tiid fan it jier, mar der lei in pear jier lyn ris goed wat iis. De grêften fan Amsterdam wiene befêrzen, en ik gong der fansels op riden. Dy kâns krije jo miskien nea wer, mei de klimaatferoaring en alles. Ik belle in pear freonen, mar nee, te drok, te kâld, te benaud foar it iis, te weetikveel. Se gongen wol nei de Jaap Eden iisbaan.
It is grappich. Want dizze selde minsken hechte oh sa oan biologysk iten, oan regionale bierkes en oan goede soarch foar bisten. Wannear’t ik se freegje soe oft se natuer belangryk fine, dan sizze se grif: ja.
Mar allinnich as it se in bytsje skikt. Wannear’t se der wat foar litte moatte of muoite foar dwaan moatte, dan is natuer en waar ynienen ferskriklik. Wannear’t se sinne wolle, dan wolle se sinne, en dan stappe se nei de sinnestudio, of yn it fleantúch. Hop, in flink ein nei it suden, want hjir is it sa min.
Yn july wie de sinne der gemiddeld 207 oeren yn Nederlân, sei it KNMI. Best in soad. It KNMI skriuwt ek dat der in nij klimaatrapport oan komt. It sil gean oer de nijste kennis oer de stiging fan de wrâldwide temperatuer, en wat de scenario’s binne foar de útstjit fan broeikasgassen. Troch auto’s, fabriken en fleantugen.
De sinne. Neffens my skynt er hjir eins best noch wol faak. Mar prima, as minsken dat yn it súden opsykje wolle. Ik hoopje allinnich al dat se dan de útstjit fan broeikasgassen troch de flucht even kompenseare. Want oars koene de simmers hjir wolris echt hiel suterich wurde."