7,4 % mear lean yn sûnenssoarch

07 jun 2001 - 00:00

De aksjes yn 'e sûnenssoarch binne foarearst oer. Tongersdei is in prinsipeakkoart tekene oer de nije CAO. Fakbûn FNV leit it akkoart moandei foar oan de leden.

Fiif wike lang is der aksjefierd yn de sikehuzen. Op 18 juny soene hûndert ôfdielings yn 'e noardlike sikehuzen it wurk dellizze. Yn 'e nije CAO geane de ferplegers der 7,4 % op foarút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)